Verso 1: Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn! ’t Opgeande sintsje laket my oan. ’t Hoantsje kraait kûkelû, ’t douke ropt rûkûkû, Ik wol ek sjonge fleurich fan toan. Verso 2: Alles wat libbet docht der nou sines bij, Fôltsjes en kealtsjes, hynders en kij. Guoskes dy’t snetterje, skiepkes dy’t bletterje, Lamkes dy’t springe, nuvere blij. Verso 3: ’t Ljurkje yn’e wolken, d’eintsjes yn’t lizich wiet, Moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet. Earbarren klapperje, ljipkes wjukwapperje, Skries op’e hikke ropt grito-griet. Verso 4: ’k Woe foar gjin gûne dat’k jit te sliepen lei, ’t Is my sa noflik ier op’e dei. Protters dy’t tsjotterje, eksters dy’t skatterje: Alles is fleurich, ik bin it mei!